Nynke Laverman - Weefsel lyrics

Published

0 283 0

Nynke Laverman - Weefsel lyrics

Dit tij, it is nije leafde, it skuort oan my Wa kin sizze dat er net bang is, in dei Komt de keamer yn, hy dûnset as in tol De wolken binne der ek en alles wachtet Ferjitte bestiet net, de neisimmer bûcht Fan langstme asto wer op my takomst Do rûkst reader no, ik staverje dyn stal Yn 'e krante, yn 'e koelkast, yn 'e tafel Ik soe it skrieme wolle, hâld my wer fêst Fannacht, wês it weefsel ûnder myn hûd Alles is kommende, de leafde stoarmet Om ús hinne, ik til dy op en do leist dy Del foar my, ús stimmen meitsje begjin Fan in wrâld dy't allinne wy mar kenne Do bist myn man hjoed, myn frijerman Do rôlest dyn hûd nei my ta, myn hert Leit al klear, en ik, ik wol dy Ik wol dy, allinne dy, do dripst as rein Ik soe it skrieme wolle, hâld my wer fêst Fannacht, wês it weefsel ûnder myn hûd En dat djippe wetter asto fuortgien bist Hoe't ik fierder fan dy drink, de rein falt Swiete drippen op 'e hûd, it rút stiet iepen En leafde, kom as in wolk, kom dizze dei

You need to sign in for commenting.
No comments yet.