Krekt ûnder myn hûd Fonkelje dyn eagen Kleurje read wat kâld wie Meitsje yn 'e tiis Fjoer om myn ankels Fjoer yn myn hier Myn earen streame fol Mei inkeld noch dyn lûd Ús azem sûzet Foar dyn mûle wol ik sjonge Dyn laits brekt de skamte Núnderet sêft troch myn bloed Ús earms falle yn En rûn rûnom inoar Ús soargen slite Om't ús buken inoar fiele Ús heupen brâne fûl Om't wy dûnsje siel oan siel Salang, salang Salang, salang En lang nei ús dûns As wy sliepe op 'e wyn Ljochtet ús fel In beaken yn 'e nacht Sa't de ien de oar wer fynt As dy fier fuort dreame mocht En even sille wy skrieme Om't ús herten samar sjonge Fan in moeting lang lyn De stilte raant Yn 'e waarmte fan de moarn Ús triennen brekke iis Ús earms falle yn En rûn rûnom inoar Ús soargen slite Om't ús buken inoar fiele Ús heupen brâne fûl Om't wy dûnsje siel oan siel Salang't wy laitsje Salang't wy laitsje Sille ús lippen nea wer wurden meitsje Salang't wy dûnsje Salang't wy dûnsje Sille ús fuotten nea de grûn wer reitsje