Yn oseanen, yn djipste djipten beskûle Binne se te finen. Yn oseanen ferriist de flonkerjende wrâld Fan de Ondinen. In keninklik folkje, dat immer libbet Yn folsleine harmonije. Want hja hawwe gjin siele dat hja witte net Fan leafde of fan lijen. Mar in jonge prinsesse, sy woe witte, Sy woe fiele wat it libben die. Sy stoarre omheech en dreamde oer dy frjemte Dêr 't sy stiloan mei besibbe wie Stil, myn leafste, oer leafde net prate no Oer leafde net prate no Stil, myn leafste, oer leafde net prate no It fjoer yn har eagen trof de kening, Hy wist: hy hie ferlern. "Gean dan, myn famke, mar betink dy Dat in siele dy swier weagje sil. Swier is it langstme, is de leafde;
Do draachst har allinne, bern. Want nea meist diele mei in minske, Wa'sto bist en wa't dy widze, stil." Stil, myn leafste, oer leafde net prate no Oer leafde net prate no. Stil, myn leafste, oer leafde net prate no De prinsesse, sy swalke hiel it lân troch Oant syn blik har befrear. Dronken fan leafde, rêdeleas fereale En einlings besiele, einlings besiele Mar leafde sa suver ferdraacht gjin geheimen, Ferdraacht gjin geheimen. Sy woe har wêzen mei him diele, Wa't sy wurklik wie net ferswije Stil, myn leafste, dit mearke Is allang gjin mearke mear. Foar dy stiet it Ondinebern, Oan wa't de see har lessen leart. Leaf, sille wy dan sabeare, As wiene wy in pear