It is neat oars as de wyn Dy't my nachts wekker makket Nee, nee, neat oars as de wyn Dy't tsjin my praat yn 'e sliep It is neat oars as de wyn O fanke, mar ien kear sil er komme Hy blaast it stof út dyn reade fingers Hy waait de tear út dyn swarte klean Stil sil de moanne oer it skouder sjen It is neat oars as de wyn Dy't my nachts wekker makket Nee, nee, neat oars as de wyn Dy't tsjin my praat yn 'e sliep It is neat oars as de wyn Stil sil de moanne oer it skouder sjen
En de wyn sil in hûs fol earms wêze En de wyn sil in hûs fol stjerren wêze O fanke, mar ien kear sil er komme Dan is dyn bêd in draaiende wynmûne Dan is dyn lekken in teken op de wyn Helje it wetter út dyn tosken en kiezzen En de wyn sil in hûs fol earms wêze Helje it fjoer út dyn neils en skonken En de wyn sil in hûs fol stjerren wêze It is neat oars as de wyn Dy't my nachts wekker makket Nee, nee, neat oars as de wyn Dy't tsjin my praat yn 'e sliep It is neat oars as de wyn