Wang oan wang Stil en lang Stean wy Wang oan wang Leafdesbang Hoeden noch Gloeit de gloed Fan hûd lâns hûd Myn azem trillet Lâns dyn linkerear Ús liven roppe Sy witte sy wolle Ús liven langje En stadichoan Fal ik yn dyn hân Giest mei Leaf, giest mei Wang oan wang Al te lang Stean wy Wang oan wang Leafdesbang
Ik fiel dyn wifel, in pine Dy't omraast yn in oar ferline Triennen falle as hast fergetten wiet Sjonge wer har hertferskuorrend liet Ús liven roppe Sy witte sy wolle Dyn siel ferstivet: Net ferlieze, net ferlieze Mar ús liven roppe Sy witte sy wolle Jou my dyn hân Jou my dyn hân Jou my dyn hân Jou my dyn hân En dûnsje Mei my